Nij amtsketting foar boargemaster Aalberts

26 aug 2015 - 20:27

Boargemaster Aalberts fan de gemeente De Fryske Marren hat woansdei foarôfgeand oan in riedsgearkomste it earste amtsketting fan de fúzjegemeente krigen. It ketting is ûntwurpen troch de 20-jierrige Jasmin Kuusinen út Finlân. Sy folget in oplieding as sulversmid op in fakskoalle yn Schoonhoven.

Se mocht it ketting ûntwerpe nei't se meidien hie oan in wedstryd. De marren yn de fúzjegemeente hawwe har ynspirearre by it ûntwerp. De Fryske Marren is yn 2014 ûntstien út in fúzje tusken Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)