Nij Altoena bûten by St. Anne

10 feb 2006 - 09:10

De trije bûtengebieden fan Nij Altoena hawwe middels in referendum witte litten net by Nij Altoena hearre te wollen. Se wolle by St. Anne hearren bliuwe. Dat it buertskip offisjeel doarp wurdt wie al bekend.

It giet no om de de bewenners fan bûten. Dy moasten kieze oft se by Sint Anne hearre wolle of dochs by Nij Altoena. De opkomst wie mei 92 prosint heech. 269 fan de 292 minsken hawwe harren stim útbrocht

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)