Nij akwadukt foar helte klear

04 apr 2014 - 16:41
  • Deputearre Poepjes mocht it akwadukt ûnder wetter sette

It nije Margaretha Zelle-akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal oan de westkant fan Ljouwert is foar de helte ôf. Dêrmei is in bysûnder momint yn de bou fan de Heak om Ljouwert berikt. Foar it earst kin wetter oer it akwadukt strome. It yngewikkelde projekt ferrint oant no hast hielendal neffens skema.

De bak rint yn twa dagen fol wetter. As dat klear is, wurdt de oare kant fan it kanaal droech lein en dêrnei kin dêrûnder in tunnel oanlein wurde. Op syn betiidst kinne de earste auto's yn desimber troch it nije akwadukt ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)