Nij aktiviteitepark yn Burgum

28 feb 2014 - 17:00
  • Presintaasje nij aktiviteitepark yn Burgum

Yn Burgum iepenet ynkoarten it 'meast spektakulêre' aktiviteitepark fan Noard-Nederlân. Alteast dat seit ûndernimmer Hessel Bouma. Under de namme Aventoer lansearre er freedtemiddei syn ambisjeuze plannen. It giet om in ynvestearring fan sawat twa miljoen en moat wurkgelegenheid jaan oan tsientallen minsken. Wat no noch in ferâldere bedriuwssammelgebou yn in fergetten hoeke op in yndustryterrein yn Burgum is, moat fan 1 maaie ôf omtsjoend wêze ta in saneamd 'leisure-park'. Sa komt der de earste 'darklight'-minygolf baan fan Fryslân.

Ynspirearre troch soartgelikense klim- en aktiviteiteparken yn Dútslân, stapte Bouma hast trije jier mei de plannen om. Hy seit hast twa miljoen te ynvestearjen yn gebou en terrein. It park mikt op 25.000 besikers yn it jier.

De fergunningoanfragen binne al troch de gemeenteried. Buorlju binne freedtemiddei op de hichte brocht fan wat Bouma fan doel is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)