Nigeriaanske Esther mei bliuwe

24 jan 2004 - 00:00

De Nigeriaanske Esther Uhunamure út Kollumersweach mei bliuwe. Dat ha sy, har man Wytze en de bern Margriet en Vera freed fan minister Verdonck te hearren krigen. In 100 doarpsbewenners kaam freed del om te lokwinskejn

De saak Esther kaam lanlik yn it nijs om't de Nigeriaanske net trouwe koe mei Wytze van der Zwaag om't se net in bertebewiis hie. Dy wurde yn Nigeria net útjûn. Doe't Esther it lân útset drige te wurden, kaam it doarp yn aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)