Nigeriaansk famke fermist

30 nov 2006 - 21:34

De plysje is op syk nei in 17-jierrich Nigeriaansk famke dat sûnt woansdeitejûn fermist wurdt. It famke, Osasumwen Igierobo, is dy jûns tusken 7 en 8 fuortrûn út har opfanghûs yn Ljouwert.

De plysje is benaud dat it giet om minskehannel en dat it famke yn it bûtelân yn de prostitúsje belâne sil. Troch tips hoopje se it famke op it spoar te kommen. Der binne al earder famkes út Nigeria ferdwûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)