Nieuwsblad v.h. Noorden ferdwynt

09 mrt 2001 - 00:00

De Grinzer krante Nieuwsblad van het Noorden ferdwynt. De krante sil yn 2002 fusearje mei de Drentse Courant en it Groninger Dagblad. De namme fan de nije krante is noch net bekend.

Troch de fúzje ferdwine sa'n 80 banen by de trije kranten. De kranten wurde útjûn troch de Noordelijke Dagbladcombinatie, dy't ek de Ljouwerter Krante útjout. De LC is gjin ûnderdiel fan dizze fúzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)