Niesen: minder ljipaaien sykje

01 mrt 2010 - 16:29
  • In twake....

Der moatte dit jier tûzen ljipaaien minder socht wurde as ferline jier; 5500 yn plak fan 6500. Dat skriuwt de Faunabeskerming yn in brief oan Deputearre Steaten. Neffens de Faunabeskerming giet it hieltyd minder mei de ljip, dat it is logysk dat der ek minder aaien socht wurde meie.

Ferline jier waard it tal al nei ûnderen bysteld op inisjatyf fan de provinsjale beswierkommisje. Der rint ek noch in boaiemproseduere fan Faunabeskerming tsjin it ljipaaisykjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)