Nienhuis keeper, debút Monteiro by Cambuur

16 okt 2015 - 12:59
  • Cambuur-keeper Leonard Nienhuis

Leonard Nienhuis is sneon wer de earste keeper by Cambuur yn de thúswedstriid tsjin AZ. Nienhuis waard yn de útwedsatriid tsjin Vitesse wiksele foar Harm Zeinstra, mar dy krige yn de útwedstriid tsjin FC Utrecht in reade kaart. Yn de bekerwedstriid tsjin PSV en tsjin Roda JC keepte Nienhuis goed en pakte dêrmei syn basisplak werom. Jamiro Monteiro debutearret yn de basis. De 21-jierrige middenfjilder komt út de beloften mar hat ûndertusken in kontrakt tekene by Cambuur foar twa jier. Hy foel tsjin FC Twente foar it earst yn by it earste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)