Nienhuis earste keeper Cambuur

01 aug 2013 - 16:18

Leonard Nienhuis begjint dit seizoen as earste keeper fan Sportklup Cambuur. Hy hat de konkurrinsjestriid mei Ruud Swinkels wûn. Beide keepers krigen yn de tarieding de kâns om har sjen te litten, mar Nienhuis kaam dêr as bêste út.

'Het was een hele moeilijke beslissing, ze waren zeer aan elkaar gewaagd', sei trainer Dwight Lodeweges. Wêrom Nienhuis de foarkar krijt wol Lodeweges yntern hâlde. 'Maar neem maar van mij aan dat er slechts een haarlengte verschil tussen beide zat.' Nienhuis waard ferline seizoen kampioen mei Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)