Niemeijer wint cross Ljouwert

14 nov 2004 - 17:59

De earste wedstriid fan it Frysk Crosssirkwy hat winners út Grinslân oplevere. Op de Froskepôle bleau Eric Niemeijer by de manlju, dy't 10 kilometer rûnen, Remon van Lunzen foar. Yn de foarlêste fan de acht omlopen foel de beslissing. By de finisj wie it ferskil 13 sekonden.

By de froulju wie Sione Jongstra in klasse apart. By de 4 kilometer rûn se 1 minút en 27 sekonden út op Stefanie Bouma fan Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)