Niek Loohuis werom nei Veendam

06 jun 2008 - 09:51

Fuotballer Niek Loohuis giet nei ien jier by Sportclub Hearrenfean wer werom nei BV Veendam. De 22-jierrige Loohuis kaam by Hearrenfean mar ien kear út yn in earedivyzjewedstriid.

De middenfjilder tekent yn Veendam in kontrakt foar fiif jier. Foardat Loohuis nei Hearrenfean ta gie, spile er ek al twa seizoenen foar Veendam. Dêryn spile er 52 wedstriden yn de Jupiler League.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)