Nico Silvius leit funksje del

16 okt 2009 - 11:50

Direkteur Nico Silvius fan NDC Radio leit syn funksje del. Hy sil him de kommende tiid mear dwaande hâlde mei de ynhâld en de programmearring fan 'e trije regionale muzyk- en nijsstjoerders fan NDC Radio, Waterstad FM, Radio NL en City FM.

Silvius wie de oprjochter fan de earstneamde twa stasjons. Sjouke Mulder wurdt de nije direkteur. Mulder hat de ôfrûne jierren ferskate managementfunksjes hân by de NDC Mediagroep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)