Nicht Juliana yn Fryslân

19 jul 2011 - 17:29
  • De hertogin Mecklenburg-Schwerin

De 92-jierrige nicht fan Juliana is op besite yn Fryslân. It is de Dútske hertogin fan Mecklenburg-Schwerin. Se is te gast by de boargemaster fan Kollumerlân en keningshûs-saakunidge Bearn Bilker. Se woe hiel graach nochris nei Nederlân en foaral paleis Het Loo. Foar de Twadde Wrâldoarloch kaam sa faak op besite by omke Hendrik en muoike Wilhelmina.

De hertogin waard tiisdei ferwolkomme yn it gemeentehûs yn Kollum, dêr't it Mecklenburger Liet spile waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)