Nibud: "Net maksimaal stúdzjefinansiering byliene"

24 aug 2015 - 13:33

Studinten moatte net maksimaal byliene, mar oerlizze mei de âlden oer harren budzjet. Dat advisearret Annemarie Koop fan it budzjetfoarljochter Nibud. De basisbeurs ferdwynt en dat betsjut dat studinten minder jild krije. Dat moat no komme fan de âlden of bybaantsjes. Se kinne ek stúdzjefinansiering byliene by DUO, mar dêrtroch kin de stúdzjeskuld wol heech oprinne.

As âlden de bern jild jouwe, kinne se better in moanliks bedrach jaan en net losse dingen betelje, lykas kolleezjejild. Studinten krije dan better oersjoch oer it jild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)