NHL wol Sineeske studinten

08 feb 2001 - 10:07

De Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert sil studinten werve yn Sina. Tweintich universiteiten en hegeskoallen sille mei-inoar gearwurkje om Sineeske studinten nei Nederlân te krijen.

It Sineeske ûnderwiis kin sels lang net alle studinten opliede. Dêrom geane der in soad nei it bûtenlân. De Nederlânske ynstellings bondelje no de krêften yn 'e slach om de geunst fan de Sinezen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)