NHL wie earst wol iepen, mar die dochs de doarren ticht

05 jan 2016 - 14:45

De NHL hegeskoalle yn Ljouwert iepene tiisdei wol de doarren, mar net foar lang, want om healwei tolven gienen ek dêr de lêste studinten en meiwurkers de doar wer út. In hiel soad skoallen joegen learlingen en dosinten fuortendaliks iisfrij, mar de NHL tocht dat it waar wol better wurde soe yn de rin fan de dei.

Doe't bliken die dat dat net it gefal wie, is de skoalle ticht gien. It is noch ûndúdlik oft de skoalle woansdei iepen of ticht is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)