NHL ûndersiket shared space

26 nov 2009 - 13:31

Studinten en dosinten fan de NHL út Ljouwert binne mei in grut ûndersyk begûn nei it shared space-prinsipe. Dêrby wurdt mear oan de ferkearsdielnimmers oerlitten en binne der minder ferkearsbuorden en oare saken om alles yn goede banen te lieden.

De hegeskoalle krijt 2,5 ton subsydzje om it ûndersyk út te fieren. De earste resultaten wurde takom juny presintearre op in sympoasium. Oer twa jier komme de definitive resultaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)