NHL-studinten 'op toernee'

02 maaie 2011 - 11:52
  • De NHL yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)

Fjouwer studinten fan de NHL yn Ljouwert begjinne moandei mei in toernee troch West-Europa. Se gean mei in buske by bedriuwen, hegeskoallen en universiteiten del om harren kunde op it mêd fan kompjûters en media oan te bieden. Foar de útfiering fan opdrachten freegje se gjin jild, mar in sliepplak, iten en benzine.

De reis sil goed in moanne duorje, sa is de bedoeling. De techneuten gean ûnder oare nei Denemarken, Dútslân Frankryk en Spanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)