NHL-studinten en meiwurkers yn Brussel binne feilich

22 mrt 2016 - 16:04
  • De NHL hegeskoalle yn Ljouwert

Under de slachtoffers fan de oanslaggen yn Brussel binne gjin studinten en meiwurkers fan de NHL yn Ljouwert. Dat meldt de hegeskoalle op har webside. Der binne op 't heden studinten op ekskurzje yn Brussel en der binne ek guon dy't der staazje rinne.

De NHL hat sa gau mooglik kontakt mei se socht. Dat wie lestich, omdat e-maile en belje hast net mooglik wie. Yntusken is dúdlik dat elkenien feilich is. De NHL biedt de studinten en meiwurkers ekstra begelieding oan, as se lêst krije fan wat se meimeitsje yn Brussel.

De hegeskoalle skriuwt op har webside dat der bot meilibbe wurdt mei de slachtoffers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)