NHL start stúdzje rjochten

05 mrt 2010 - 14:02

De NHL yn Ljouwert set takom skoaljier út ein mei in HBO oplieding rjochten. Dat om't der neffens de skoalle yn it Noarden grut ferlet is fan minsken mei in juridyske achtergrûn. De NHL sil foar de stúdzje gearwurkje mei de rjochtbank, de Friesland Bank en it CJIB.

Ofstudearren kinne oan de slach by de oerheid, rjochtbank of yn it bedriuwslibben as juridysk meiwurker. Op de iependei op 13 maart wurdt mear ynformaasje jûn oer de oplieding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)