NHL skrast learare-opliedings

10 mrt 2001 - 00:00

De NHL yn Ljouwert wol in tal ferliesjaande learare-opliedings skrasse. Allinne de fakken Nederlânsk en Ingelsk kinne út. Hokker fakken krekt ferdwine, wol de skoalle net bekendmeitsje. De oplieding Frysk rint gjin gefaar, want dy wurdt betelle troch de provinsje.

De hegeskoallen yn it Noarden ha te krijen mei in tekoart fan 30 miljoen. De CHNN bliuwt bûten de besunigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)