NHL: PvdA grutste yn de Steaten

08 nov 2006 - 20:34

Op 7 maart 2007 binne de ferkiezings foar Provinsjale Steaten en binne der gjin 55, mar 43 sitten te ferjaan. As dy ferkiezings no hâlden wurde soene, wie de Pvda de grutste partij. In ûndersyk fan de Noardlike Hegeskoalle ûnder 900 Friezen hat dat útwiisd. De PvdA soe mei 14 sitten de grutste partij yn de steaten wêze. Dat is no it CDA en dy hat dan aanst 12 sitten.

De VVD en SP krije 5 en 4 sitten en de FNP hâldt 3 sitten oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)