NHL-oplieding bêste fan it lân

17 mrt 2009 - 07:06

De oplieding 'Communication & Multimedia Design' fan de NHL, de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, is de bêste HBO-oplieding fan Nederlân. Alle HBO-opliedings wurde ien kear yn de seis jier kontrolearre troch in ûnôfhinklik buro.

De oplieding fan de NHL skoarde 'eksellint' op it ûnderwiiskonsept. De studinten wurkje yn groepen oan opdrachten en bepale foar in grut part sels hoe't der wurke wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)