NHL no NHL Hegeskoalle

01 sep 2009 - 10:02

De Noardlike Hegeskoalle Ljouwert hjit fan tiisdei ôf NHL Hegeskoalle. By de nije namme heart ek in nij logo. Mei de namme NHL Hegeskoalle wol de HBO-ynstelling dúdlik meitsje dat de skoalle net allinnich yn Ljouwert sit, mar ek opliedings fersoarget yn Grins en op Skylge.

Woansdei wurde by de offisjele start fan it nije HBO-jier de nije namme en hússtyl presentearre. It reklameburo dat it nije NHL-logo betocht hat, tekene ek foar de hússtyl fan de HEMA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)