NHL nimt maatregels tsjin SARS

03 apr 2003 - 00:00

De Noardelike Hegeskoalle yn Ljouwert nimt maatregels tsjin de fersprieding fan 'e gefaarlike longkrupsje SARS troch Sineeske studinten. De studinten krije it advys om foarearst net nei harren heitelân te reizgjen.

Op dit stuit sitte der twa studinten en twa meiwurkers fan 'e NHL yn Sina. Yn oerlis mei de GGD is besletten dat se wol werom komme kinne, mar dat harren sûnens goed yn 'e gaten hâlden wurdt. De NHL hat 90 Sineeske studinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)