NHL moat besunigje

16 nov 2008 - 10:48

De Noordelijke Hogeschool Leeuwarden moat hast trije miljoen euro besunigje. Dat seit it kolleezje fan bestjoer fan de skoalle. It is noch net dúdlik yn hokker sektoaren de NHL besunigje moat. Wol moat der effisjinter wurke wurde.

Neffens it kolleezje komt it tekoart oan jild foar takom jier ûnder oaren troch de nijbou fan de skoalle. Alle reserves sitte yn dy nijbou. De ferwachting is dat de nije skoalle yn de takomst wol foardielen opsmyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)