NHL krijt swier jier

02 sep 2009 - 22:22
  • De NHL Hogeschool krijt in swier jier

Mear studinten, ferhúzje nei in splinternij skoalgebou en sjen dat de finânsjes stabyl bliuwe: de NHL Hogeschool yn Ljouwert krijt in swier jier. Dat die woansdei bliken by de iepening fan it nije skoaljier.

Yn de hjerst moat in reorganisaasjeplan klearlizze, want de skoalle moat besúnigje. De foarútsichten lykje posityf. De groei fan it oantal studinten, dit jier sa'n alve persint, is goed foar de finânsjes op de langere termyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)