NHL komt mei ekstra module NT2: Nederlânsk oan bûtenlanners

26 nov 2015 - 16:17
  • Taalles foar flechtlingen yn WTC Expo
  • Studinten jouwe Nederlânske les yn WTC Expo

Studinten oan de learare-opliedings moatte better oplaat wurde yn twatalich ûnderwiis fanwege it grutte tal flechtlingen dat nei Nederlân komt. De NHL yn Ljouwert springt hjir yn en set takom jier útein mei in ekstra module foar it saneamde NT2 ûnderwiis. Dizze wike is de oplieding al begûn mei Nederlânske lessen foar bern yn it WTC.

De bern krije les yn in grutte romte. Net ideaal, mar der bart yn alle gefallen wat foar bern tusken de 4 en 18 jier, seit lektor Alex Riemersma fan de NHL. De NHL stekt 10.000 euro yn it projekt.

It taalûnderwiis yn it WTC is in tydlike oplossing. It is it doel dat de bern nei ferrin fan tiid nei it reguliere ûnderwiis kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)