NHL fynt kontrôle oerdreaun

29 apr 2011 - 11:59
  • Foto: Omrop Fryslân

De Ljouwerter hegeskoalle NHL is net bliid mei de minne publisiteit fan HBO-opliedings fan de ôfrûne dagen. De ûnderwiisynspeksje kaam woansdei mei in ferneatigjend rapport oer in tsiental opliedings. Dêr sit de NHL net by. Dy opliedings foldogge net oan de easken en soene te maklik diploma's útjaan.

Polityk Den Haach wol no strangere kontrôle op alle hegeskoallen. De NHL fynt dat oerdreaun, omdat der 1190 goede opliedings binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)