NHL fiert 25-jierrich jubileum

06 sep 2012 - 19:05

Noardlike Hegeskoalle Ljouwert NHL fierde tongersdei it 25-jierrich bestean. Yn 1987 fusearren tolve opliedings foar heger ûnderwiis ta de NHL. Neffens foarsitter Smink fan it kolleezje fan bestjoer stiet de hegeskoalle der goed foar. Oan de NHL folgje goed 11.000 studinten 71 ferskate opliedings.

Yn tsjinstelling ta Stenden hat de NHL noch gjin lest fan krimp. Opliedings by de NHL dy't groeie binne ekonomy & management, wolwêzen, HBO-ferpleechkunde, de skipfeartoplieding en communication en multimedia design (CMD).

It jubileumfeest, fuortendaliks ek de offisjele iepening fan it stúdzjejier, luts sa'n 1500 minsken nei it NHL-gebou. Dy koene kieze út workshops en lêzings op it mêd fan ûnder oare nije media en talintûntwikkeling. Ek wie der muzyk fan Miss Montreal en Hans Wijnbergen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)