NHL ferkeapet ynventaris

20 jan 2007 - 16:56
  • Kantoar- en skoalmeubels foar in skaplik pryske

De Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert hâlde sneon meubelútferkeap fanwege de ferbouwing. De lokaasje Bouhôf wurdt alhiel ferboud en studinten en dosinten binne tydlik op oare plakken ûnderbrocht.

Alle meubels dy't net mei oer giene waarden ferkocht. It gie om kasten, tafels en burostuollen. In kast koste 25 euro, in burostoel 10 en in kruk 1 euro. De opbringst giet nei de personielskommisje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)