NHL en Stenden nei Ruslân

15 okt 2013 - 12:51
  • De NHL yn Ljouwert

NHL Hegeskoalle en Stenden University sille takom wike tegearre nei Ruslân ta foar in stúdzjereis. It is foar it earst dat de twa hegeskoallen op dy direkte wize oparbeidzje. It is in earste oanset foar in yntensivere gearwurking tusken beide HBO-skoallen.

De studinten sille op harren reis earst wurkje oan in projekt op in Russyske Universiteit. Dêrnei slute de studinten harren oan by de hannelsmisje fan de trije Noardlike provinsjes, dy't op 27 oktober úteinset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)