NHL-debat lûkt 60 studinten

17 feb 2011 - 18:07

It ferkiezingsdebat foar jongerein op de NHL luts tongersdeitemiddei net mear as 60 studinten. Sy harken nei kandidaatsteateleden fan 11 fan de 13 partijen, dy't yn maart oan de ferkiezings meidogge. De PVV en de Partij voor het Noorden wiene der net.

Stúdzjefinansiering wie in wichtich tema op it debat fan Studiegenootschap Trias Politica. It kabinet wol langstudearders beboetsje. Partijen as PvdA, SP, FNP, 50Plus en Feriene Lofts binne dêr op tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)