NHL betinkt tûke waskmasine

24 jan 2011 - 20:49
  • De tûke on-line waskmasjine

In studint fan de NHL yn Ljouwert hat in systeem ûntwikkele dat waskmasines draaie lit as de enerzjyprizen leech binne. De waskmasine wurdt troch in kompjûter oanstjoerd. De eigner jout mei in tiidslot op ynternet oan tusken hokker tiden de waskmasine draaie moat. De enerzjyleveransier wit wannear't de stroom it goedkeapst is en set op dat momint de masine oan.

It prinsipe kin ek tapast wurde by friezers en ôfwaskmasines. It úteinlike doel is legere enerzjyprizen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)