NFM ferreind, snein finale

31 jul 2010 - 20:49
  • NFM krijt op 1 augustus de útsetter

De Nasjonale Fierljep Manifestaasje (NFM) op It Heidenskip is sneontejûn folslein yn it wetter fallen. Oerdei mei de kwalifikaasje wie it ek al in lijen. Mei in protte opûnthâld, reinwetter en fierljeppen is gjin lokkich houlik, kamen dochs de finalisten op papier. Dy finale wurdt no sneintemiddei om healwei trijen ljept.

Bart Helmholt sprong der út mei in moaie 20,72. De Hollânske topper Jaco de Groot bleau stykjen op 18.15.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)