NFI-ûndersyk nei eksploazje

26 jul 2010 - 14:04
  • Plysje en NFI dogge wiidweidich ûndersyk nei de eksploazje (foto: Jaring Rispens)

Nederlânsk Forensysk Ynstitút NFI ûndersiket moandei en de kommende dagen hoe't de eksploazje yn in wenhûs yn Sint Anne krekt ûntstean koe. By de eksploazje oan de Weidemastrjitte rekke de bewenster sneontenacht ferwûne. In man fan 61 is oanhâlden.

Hy soe de eksploazje of brân feroarsake hawwe. De folsleine foargevel fan it hûs is fuortslein. Ek it hûs fan de buorlju rekke swier skansearre. De fertochte hat in relaasje hân mei de bewenster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)