NFI ûndersiket DNA

27 sep 2012 - 12:17

Goed 8000 manlju út de omkriten fan Feankleaster, dêr't Marianne Vaatstra yn 1999 fermoarde waard, wurdt frege om DNA ôf te stean. Neffens it Nederlands Forensisch Instituut yn Den Haach, dat de DNA-meunsters ûndersykje sil, is dit it grutste DNA-ûndersyk yn de wrâld.

De 8080 stalen mei genetysk materiaal wurde op it NFI alhiel automatisearre fergelike mei it materiaal fan de dieder. De stalen wurde troch robots hantearre om sa soarchfâldich mooglik te wurkjen.

Mocht der by it NFI DNA oantroffen wurde dat liket op dat fan de dieder, dan is dat mooglik in heit, soan of neef. It hiele ûndersyk duorret in heal jier. Justysje en it NFI garandeare dat net-brûkber DNA ferneatige wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)