NFI bestudearret ûngelok op Jouster útkyktoer

31 jul 2015 - 10:41
  • De útkyktoer mei de losse flierplaat sichtber

De plysje hat it materiaal yn it ûndersyk nei it ûngelok mei de útkyktoer op De Jouwer opstjoerd nei it Nederlands Forensisch Instituut (NFI). Dy besjocht oft de konklúzjes dy't lutsen binne, krekt binne en oft oare saken mooglik in rol spile hawwe. Wannear't de útslach fan dit ûndersyk komt, is noch net dúdlik.

By it ûngelok yn de útkyktoer rekke in flierpaniel los. Dêrtroch foel in famke (14) 9 meter nei ûnderen. Sy rekke swierferwûne. De plysje en de gemeente geane der fanút dat de bouten fan it paniel mei opsetsin ferwidere binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)