Netwurk seksreizen oprôle

02 des 2003 - 00:00

Mei de oanhâlding fan sân manlju is in netwurk oprôle dat him dwaande hâldt mei seks mei bern. Under de fertochten is in man (30) út Drachten en in man (33) út Kollum. De fertochten binne sneon oanhâlden en sitte allegear fêst.

De groep wurdt fertocht fan it organisearjen fan seksreizen nei ûnder oare Tunesië en Roemenië. Der hearden ek seksuele kontakten mei minderjierrigen by. De plysje hat ek foto's, fideo's, films en cd-roms fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)