Netwurk froulike ûndernimmers

27 feb 2008 - 15:06

Yn Littenseradiel komt in netwurk foar froulike ûndernimmers. Ein ferline jier die op in ynfojûn bliken dat in soad froulju ferlet hawwe fan kontakten mei oare ûndernimmers. By de gemeente, de Keamer fan Keaphannel en by de middenstansferienings kinne se net genôch oansprekpunten fine.

Froulju dy't lid wurde fan it netwurk, krije ûnder oare in soarte fan kursus. Fierders kin der kin praat wurde oer inoars ideeën.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)