Netwurk foar ûndernimmers

22 maaie 2007 - 11:01
  • De ûndernimmers oan tafel by de netwurkmoeting

Undernimmers dy't yn kontakt komme wolle mei oare bedriuwen, kinne har sûnt koart oanmelde by in bedriuw dat netwurkgearkomsten organisearret. Netpluswork hâlde tiisdei yn Goutum syn twadde gearkomste. Oant no ta binne der fjouwer Fryske dielnimmers.

De kosten fan it lidmaatskip binne 800 euro. De leden komme om de twa wiken byinoar foar in moarnsbrochje. Der is no in kantoar op It Hearrenfean en mooglik komt der ien by yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)