Netwurk foar fûgelopfangsintra

08 sep 2014 - 12:43

In nij lanlik netwurk moat der foar soargje dat fûgelopfangsintra ek yn de takomst bestean bliuwe kinne. Op dit stuit is it foar de sintra, lykas de Fûgelhelling yn Oerterp, dreech om de holle finansjeel boppe wetter te hâlden. Troch gear te wurkjen yn in lanlik netwurk kinne gruttere fûnsen oanskreaun wurde.

Dêrtroch komt der mear jild beskikber foar de deistige saken, lykas iten foar de bisten. De 31 oansletten fûgelopfangsintra sille dêrom harren kennis ûnderling útwikselje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)