Netwurk fan kuierpaden

13 okt 2009 - 11:49

Ljouwert nimt it inisjatyf om yn Fryslân in grut netwurk fan kuierpaden oan te lizzen, dat alle doarpsrûntsjes mei-elkoar ferbynt. Stedsboukundige Jos van Langen hat in plan makke. Dêr krijt elk doarp in rûntsje fan sa'n 4 kilometer yn. De ferbiningen tusken de rûntsjes komme by de âlde fearten del, bygelyks de Wurdumerfeart.

Faak moatte by de fearten de kaden ferhege wurde. It oanlizzen fan in paad kin dan yn ien kear meinommen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)