Netten oer wekken Luts yn Balk

09 jan 2010 - 10:41

De Alvestêdetocht liket noch fier fuort, mar libbet yn Balk al wol. Frijwilligers hawwe dêr netten oer de wekken yn de Luts spand.

Dat dogge se om foar te kommen dat fûgels yn de wekken sitten gean, wêrtroch dy net tichtfrieze kinne. Balk wie ek by eardere Alvestêdetochten gauris in lestich plak yn de rûte. De Luts is doe ek wolris ticht makke mei help fan 'iistransplantaasje'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)