Netnoege man dielt klappen út

06 sep 2009 - 15:13

In 34-jierrige man fan It Hearrenfean is yn de nacht fan sneon op snein oanholden op fertinking fan mishanneling. De man wie op in jierdeisfeest yn in wenning oan de Sabastrjitte. Hy wie net útnoege, mar wol binnenkaam. Doe't de eigner fan de wenning him frege om fuort te gean, wegere er dit en ûntstie der in rúzje.

De fertochte dielde klappen út oan de bewenner en in gast. Achter it hûs fernielde er in stek en smiet er de barbeque en in pear brommers om.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)