Netelenbos hat jild foar 'heak'

10 apr 2001 - 00:00

De earste fase fan de heak om Ljouwert wurdt mooglik al binnen trije jier oanlein. Minister Netelenbos fan ferkear is ree om hjir 160 miljoen oan mei te beteljen. Sy die dy tasizzing moandei yn in oerlis mei de noardlike provinsjes.

De earste fase fan de heak is it stik tusken de Werpsterhoeke en de ein fan 'e Hendrik Algrawei by Deinum. Fase 2 fan Deinum nei Marssum komt dan nei 2010.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)