Net-winske wetteroerlêst

26 aug 2001 - 00:00

Nettsjinsteande de tropyske temperatueren, hienen bewenners fan it Schuttersveld yn Drachten sneon lêst fan wetter. In man fan 21 jier hie op syn balkon in bad makke, om wat ôf te kuoljen.

De man hie der lykwols net oan tocht dat it wetter troch it beton hinne nei de buorlju ûnder him trochsipelje soe. De kwestje wurdt fia de fersekering en de wenningbouferiening ôfhannele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)