'Net te folle âldereinwenten'

08 okt 2006 - 13:58

Ek yn Fryslân moat der oppast wurde dat der net tefolle wenten foar âlderein boud wurde. De kommende jierren is dêr in hiel soad fraach nei, mar dêr sil in ein oan komme.

Dy warskôging die direkteur Alex Bonnema fan Wenningbouferiening Welkom sneontemiddei by de start fan de 'wen-soarch-sône' yn Grou. Dêr wurdt 120 wenten boud foar doelgroepen lykas de âlderein. It hat wol seis jier duorre foar't de skeppe de grûn yn koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)