Net swimme yn Slappeterp

17 jun 2013 - 10:17
  • Swimfiver De Swanneblom yn Slappeterp

Foar swimfiver De Swanneblom yn Slappeterp jildt fan moandei ôf in negatyf swimadvys. Yn it wetter sitte tefolle baktearjes. Dêr kinne swimmers sûnensklachten fan krije. By fiver stean buorden om it publyk dêrop te wizen.

Ofrûne tongersdei waard foar it wetter fan De Vleyen op it Amelân ek al in negatyf swimadvys ôfjûn. Dêr sit blauwalch yn it wetter. Op de webside zwemwater.nl binne alle swimlokaasjes fan Fryslân werom te finen en dêr is ek te sjen oft it wetter feilich is of net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)